Teksten

Mei dit ferhaal wûn ik yn augustus 2020 de twadde priis fan de ferhalewedstriid oer Grutte Pier.

De nije frijheid
“Dy ferrekte Hollanders” foetere Sake, doe’t er in brief út Den Haach krige mei wer nije stikstofregels. Hy stie yn syn lisbokstâl, hielendal boud neffens de lêste foarskriften. It hie him grou jild en in fikse liening by de bank koste. Hy buorke op de pleats dy’t al sûnt de fyftjinde ieu yn de famylje wie. Pleats en lân wiene fan generaasje op generaasje oergien. Sake woe it bedriuw letter oerdrage oan Pier, syn soan, dy’t seis jier wie. In bûkemantsje mei in blau overaltsje oan, giele klompkes. As Sake oan Pier tocht waard syn hert waarm. Ienris soe Pier Doniastate oernimme. Dan koene Sake en Richtsje nei it doarp te wenjen, krekt as syn heit en mem dien hiene. Mar it regear makke it net maklik om in generaasje yn ’t foar te tinken. Dong, stikstof en folle net genôch: hieltyd nije regels, nije foarskriften en it koste klauwen mei jild. Fansels wiene it meast Europeeske regels, mar foar Sake wiene it dy Ferrekte Hollanners dy’t him it buorkjen swier makken. Hy hie net meidien oan protesten, dat wie neat foar him. Sake wie in natuerminske, hy soarge foar de pleats, it fee en de fûgels yn de greide. Hy wie aktyf by it fûgelbûn en de skries siet him yn yn ’t hert. Hy buorke mei ferskate soarten gers; de natuer wie syn leafde. Sake seach nei Pier, dy’t op syn trekkerke omraak trape om by it bûthús te kommen. Hy woe graach helpe by it melken. Sake wie grutsk op it jonkje. Ynkoarten kaam der noch in poppe by. In famke, dêr wied er like bliid mei. Richtsje rûn op alle dagen, in spannende tiid.
“Wol heit my jûn wer fertelle oer grutte Pier?” frege Pier.
“Jawis jonge, ik fertel dy aanst wer in pear moaie ferhalen. Mar no
earst nei hûs en ite”.

Nei it iten moast lytse Pier ûnder de dûs en dêrnei gie Sake op ‘e râne fan syn bêd sitten. Hy wist net sa folle fan Grutte Pier, mar foar lytse Pier wie it in held, dus Sake fantasearre der op los.
“Op in dei wie Grutte Pier sa duvels op dy ferrekte Hollanners, dat er tsjin syn maat sei: ‘wy pakke se op see’. Se giene op in skip en seagen de Hollanners al oankommen” .
“By Laaksum no heit?” Pier glundere.
“Ja, by Laaksum seagen se de rotsakken al oankommen”.
“De rotsakken” sei lytse Pier en syn eagen spatten fjoer. It wie in moai jonkje. Wat lang foar syn leeftyd en mei grutte swarte eagen en pikswart hier. Hy koe omraak fantaseare.
Sake fertelde hiel byldzjend hoe’t grutte Pier de ferrekte Hollanners ferslein hie op de Sudersee. Hoe’t er de finzen nommen Hollanners frege hie om ‘bûter, brea en griene tsiis’ te sizzen om sa út te meitsjen wa’t er opslute soe en wa’t er frij liet.
“Buter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries….” sei Pier earnstich.
“Sa is dat jonge. En no lekker sliepe en net dreame fan Grutte Pier.” “Nea hear heit”, Grutte Pier is myn held.”
Dy nachts waaide it dat it rikke om Doniastate. Stive pûsters fleagen om de skoarstien en by de stâl rattelle it omraak. De kij balten en âlen en de hûn sloech regelmjittich oan. It wie in spoeknacht sa’t der yn earder ieuwen sa faak west hiene op Doniastate. Om in oere as healwei trijen rûn in persoan yn ‘e rjochting fan de pleats. It wie in grut keardel en hy ljepte mei grutte halen nei Doniastate. Hy gie rjocht op syn doel ôf: it sliepkeammerke fan Pier. Hy die de doar iepen en sei: “dit is syn pleats en dit is himsels”.
“Grutte Pier!” rôp lytse Pier ferheard. Hy wie op slach wekker en hielendal net benaud, want Grutte Pier wie ommers syn held.
“Wat fijn dat jo der binne.”
“Dat tocht ik ek,” sei grutte Pier. “Mei ik wol even by dy op bêd sitte?”

“Fansels”, sei lytse Pier.
It Ikea-bedsje kreake omraak doe’t grutte Pier sitten gie, mar it hold. Lytse Pier wie wat ferstuivere, mar ek hiel nijsgjirrich.
“Wat komt Grutte Pier dwaan?”
“Sjoch,” sei Grutte Pier, “it sit sa.” Syn stim wie swier, mar hy flústere; hy woe gjin grutte minsken wekker meitsje.
“Lytse Pier, do bist myn hope.”
“De swarte hoop” sei lytse Pier.
“Ja sokssawat” lake grutte Pier. “Eartiids haw ik bot fochten tsjin de Hollanners”.
“Ja, dat wit ik. Bûter brea en ….”
“Ja, hâld mar op, dat is allegear flauwekul fansels. In grapke, mar dat bliuwt my mar oan ‘e kont hingjen”.
Se laken beide.
“En dat ferhaal fan dy ploech is ek net wier fansels, it wie in skodeide.” bekende Pier. Hy gie wat fersitten en fertelde fierder: “Mar dat docht der net ta. Wy hawwe de Hollanners flink oanpakt en ús goed ferset. Der stiet no noch in stien op it Reaklif dêr’t op stiet: ‘Leaver dea as slaaf’ en alle jierren komt in hantsjefol Friezen in sankje sjongen. Dat is oerbleaun fan ús grutte striid. Ik skamje my der suver foar. Wy moatte it diskear better oanpakke. It lân fan jimme, jim pleats en de frijheid wurde wer bedrige troch alle regels út Hollân.” “Dy ferrekte Hollanners” sei lytse Pier.
“Krekt jonge, sa ist. Dêrom kom ik jim helpen mei de frijheidstriid fan no. It giet fansels net oer libben en dea, mar wol oer de takomst fan it lân, de bisten en de minsken. Mar jim heit mei net witte dat ik it doch. Begrypst dat?”
“Jawis,” sei lytse Pier. “Mar hoe wolle jo dat dan dwaan?”
“No, ik bin fansels net mear yn libben, want ik bin yn 1520 al dea gien, mar ik kin jimme helpe fanút de hjirneitiid wei.”
“Waaauw….”, de eagen fan Pier waarden grut.

“Ik kin jim helpe om de ierde wer safolle better te meitsjen dat regels net mear nedich binne. Mei myn Swarte Hoop en de Wite Ingels dy’t foar my wurkje soargje ik dat de ierde wer sûn wurdt. Dat de ljippen wer werom komme, dat der gjin gatten mear yn de hoe hjit dat ek al wer…. komme. Wy repareare de poalkappen en meitsje de loft sûn.” It mantsje foel de mûle iepen… “Dat is wol in hiele protte” sei er. “Dat is sa, mar wy hawwe dan ek in grutte ploech dy’t ús stipet. Dêr wêr’t ik no wenje sitte de tûkste koppen dy’t harren neat fan Hollanners oanlûke, mar allinne it goede wolle.
“Jezus”, sei lytse Pier.
“Ja dy ek”, grutte Pier lake.
“En wat moat ik dwaan?”
“Do bist myn kontakt op Doniastate . Ik haw in haadkertier nedich dêr’t ik kontakt hâlde kin mei alle oaren oer de hiele wrâld, want wy komme fansels net allinne foar Fryslân op, mar wy soargje derfoar dat de hiele wrâld meidocht.”
“Wa binne dat dan, de oaren?”
“Och gewoan, Gandhi, Einstein, Buddha, Jezus fansels en noch wat fan dy nammen”.
“Mar jo binne de grutste” sei lytse Pier tefreden en hy die syn tomke yn ‘e mûle.
“Sa is dat jonge,” sei Grutte Pier tefreden.
“ Asto no soargest dat ik sa no en dan even dy kompjûter brûke mei, dan bin ik al tefreden.”
“O, mar dat is in Ipad.”
“Dat hindert neat, ik moat sa’n ding hawwe om kontakt te hâlden”. Lytse Pier wie alhiel ferstuivere. Hy mocht Grutte Pier helpe tsjin de Hollanners.
“Ho ho,” sei grutte Pier, “net allinne de Hollanners, alle ferrekte Wrâldferpesters. Enne… tink derom, gjin wurd tsjin jim heit en mem, se sille dy net leauwe”.
Lytse Pier draaide sabeare de mûle op slot.

“Ik sis neat,” sei er.
“Moai sa, jou my no dy pet mei aaien, dan kin ik oan ‘e gong”. “Hahaha, aaipet…” lake lytse Pier.
Grutte Pier pakte de Ipad oan en doe barde der in wûnder. Der kamen allegear skermen foarby mei prachtige kleuren en der kamen ek gelûden út.
In kertier letter wie Grutte Pier klear.
“Sa,” sei er, “missy ien is kompleet”.
En sa barde it dat Grutte Pier regelmjittich op Doniastate kaam om de wrâld sûn te meitsjen mei stipe fan de ‘aaipet’ fan lytse Pier.
It duorre fansels in tal jierren, mar doe’t Pier trijentweintich wie, wiene de wrâldferpesters ferslein, koene Sake en Richtsje ferhúzje nei in moaie gasfrije, klimaatneutrale wente yn ‘e buorren en luts Lytse Pier mei syn frou op ‘e pleats.
It geheim fan Grutte en Lytse Pier bleau bestean. Oant lytse Pier in soan krige, Sake, dy’t jûns graach in ferhaaltsje foar it sliepengean woe. Pier fertelde hiele ferhalen oer hoe’t hy Grutte Pier helpe mocht om de ierde wer sûn te meitsjen en hoe’t de wrâld befrijd waard fan de ferrekte wrâldferpesters.
De skriezen en ljippen fleagen yn ‘e maitid om Doniastate hinne en alle kearen lake Pier – dy’t doe grut wie mar noch lang gjin Grutte Pier – nei boppen en sei: “Buter, brea en griene tsiis, tige tank Grutte Pier foar ús nije frijheid”.
Youvan Bergsma. augustus 2020