{"id":250,"date":"2021-01-08T22:46:47","date_gmt":"2021-01-08T21:46:47","guid":{"rendered":"http:\/\/youvan.nl\/?page_id=250"},"modified":"2021-01-08T23:00:03","modified_gmt":"2021-01-08T22:00:03","slug":"teksten","status":"publish","type":"page","link":"https:\/\/youvan.nl\/?page_id=250","title":{"rendered":"Teksten"},"content":{"rendered":"<p>Mei dit ferhaal w\u00fbn ik yn augustus 2020 de twadde priis fan de ferhalewedstriid oer Grutte Pier. <\/p>\n<p>De nije frijheid<br \/>\n\u201cDy ferrekte Hollanders\u201d foetere Sake, doe\u2019t er in brief \u00fat Den Haach krige mei wer nije stikstofregels. Hy stie yn syn lisbokst\u00e2l, hielendal boud neffens de l\u00easte foarskriften. It hie him grou jild en in fikse liening by de bank koste. Hy buorke op de pleats dy\u2019t al s\u00fbnt de fyftjinde ieu yn de famylje wie. Pleats en l\u00e2n wiene fan generaasje op generaasje oergien. Sake woe it bedriuw letter oerdrage oan Pier, syn soan, dy\u2019t seis jier wie. In b\u00fbkemantsje mei in blau overaltsje oan, giele klompkes. As Sake oan Pier tocht waard syn hert waarm. Ienris soe Pier Doniastate oernimme. Dan koene Sake en Richtsje nei it doarp te wenjen, krekt as syn heit en mem dien hiene. Mar it regear makke it net maklik om in generaasje yn \u2019t foar te tinken. Dong, stikstof en folle net gen\u00f4ch: hieltyd nije regels, nije foarskriften en it koste klauwen mei jild. Fansels wiene it meast Europeeske regels, mar foar Sake wiene it dy Ferrekte Hollanners dy\u2019t him it buorkjen swier makken. Hy hie net meidien oan protesten, dat wie neat foar him. Sake wie in natuerminske, hy soarge foar de pleats, it fee en de f\u00fbgels yn de greide. Hy wie aktyf by it f\u00fbgelb\u00fbn en de skries siet him yn yn \u2019t hert. Hy buorke mei ferskate soarten gers; de natuer wie syn leafde. Sake seach nei Pier, dy\u2019t op syn trekkerke omraak trape om by it b\u00fbth\u00fas te kommen. Hy woe graach helpe by it melken. Sake wie grutsk op it jonkje. Ynkoarten kaam der noch in poppe by. In famke, d\u00ear wied er like bliid mei. Richtsje r\u00fbn op alle dagen, in spannende tiid.<br \/>\n\u201cWol heit my j\u00fbn wer fertelle oer grutte Pier?\u201d frege Pier.<br \/>\n\u201cJawis jonge, ik fertel dy aanst wer in pear moaie ferhalen. Mar no<br \/>\nearst nei h\u00fbs en ite\u201d.<\/p>\n<p>Nei it iten moast lytse Pier \u00fbnder de d\u00fbs en d\u00earnei gie Sake op \u2018e r\u00e2ne fan syn b\u00ead sitten. Hy wist net sa folle fan Grutte Pier, mar foar lytse Pier wie it in held, dus Sake fantasearre der op los.<br \/>\n\u201cOp in dei wie Grutte Pier sa duvels op dy ferrekte Hollanners, dat er tsjin syn maat sei: \u2018wy pakke se op see\u2019. Se giene op in skip en seagen de Hollanners al oankommen\u201d .<br \/>\n\u201cBy Laaksum no heit?\u201d Pier glundere.<br \/>\n\u201cJa, by Laaksum seagen se de rotsakken al oankommen\u201d.<br \/>\n\u201cDe rotsakken\u201d sei lytse Pier en syn eagen spatten fjoer. It wie in moai jonkje. Wat lang foar syn leeftyd en mei grutte swarte eagen en pikswart hier. Hy koe omraak fantaseare.<br \/>\nSake fertelde hiel byldzjend hoe\u2019t grutte Pier de ferrekte Hollanners ferslein hie op de Sudersee. Hoe\u2019t er de finzen nommen Hollanners frege hie om \u2018b\u00fbter, brea en griene tsiis\u2019 te sizzen om sa \u00fat te meitsjen wa\u2019t er opslute soe en wa\u2019t er frij liet.<br \/>\n\u201cButer, brea en griene tsiis, wa\u2019t dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries&#8230;.\u201d sei Pier earnstich.<br \/>\n\u201cSa is dat jonge. En no lekker sliepe en net dreame fan Grutte Pier.\u201d \u201cNea hear heit\u201d, Grutte Pier is myn held.\u201d<br \/>\nDy nachts waaide it dat it rikke om Doniastate. Stive p\u00fbsters fleagen om de skoarstien en by de st\u00e2l rattelle it omraak. De kij balten en \u00e2len en de h\u00fbn sloech regelmjittich oan. It wie in spoeknacht sa\u2019t der yn earder ieuwen sa faak west hiene op Doniastate. Om in oere as healwei trijen r\u00fbn in persoan yn \u2018e rjochting fan de pleats. It wie in grut keardel en hy ljepte mei grutte halen nei Doniastate. Hy gie rjocht op syn doel \u00f4f: it sliepkeammerke fan Pier. Hy die de doar iepen en sei: \u201cdit is syn pleats en dit is himsels\u201d.<br \/>\n\u201cGrutte Pier!\u201d r\u00f4p lytse Pier ferheard. Hy wie op slach wekker en hielendal net benaud, want Grutte Pier wie ommers syn held.<br \/>\n\u201cWat fijn dat jo der binne.\u201d<br \/>\n\u201cDat tocht ik ek,\u201d sei grutte Pier. \u201cMei ik wol even by dy op b\u00ead sitte?\u201d<\/p>\n<p>\u201cFansels\u201d, sei lytse Pier.<br \/>\nIt Ikea-bedsje kreake omraak doe\u2019t grutte Pier sitten gie, mar it hold. Lytse Pier wie wat ferstuivere, mar ek hiel nijsgjirrich.<br \/>\n\u201cWat komt Grutte Pier dwaan?\u201d<br \/>\n\u201cSjoch,\u201d sei Grutte Pier, \u201cit sit sa.\u201d Syn stim wie swier, mar hy fl\u00fastere; hy woe gjin grutte minsken wekker meitsje.<br \/>\n\u201cLytse Pier, do bist myn hope.\u201d<br \/>\n\u201cDe swarte hoop\u201d sei lytse Pier.<br \/>\n\u201cJa sokssawat\u201d lake grutte Pier. \u201cEartiids haw ik bot fochten tsjin de Hollanners\u201d.<br \/>\n\u201cJa, dat wit ik. B\u00fbter brea en &#8230;.\u201d<br \/>\n\u201cJa, h\u00e2ld mar op, dat is allegear flauwekul fansels. In grapke, mar dat bliuwt my mar oan \u2018e kont hingjen\u201d.<br \/>\nSe laken beide.<br \/>\n\u201cEn dat ferhaal fan dy ploech is ek net wier fansels, it wie in skodeide.\u201d bekende Pier. Hy gie wat fersitten en fertelde fierder: \u201cMar dat docht der net ta. Wy hawwe de Hollanners flink oanpakt en \u00fas goed ferset. Der stiet no noch in stien op it Reaklif d\u00ear\u2019t op stiet: \u2018Leaver dea as slaaf\u2019 en alle jierren komt in hantsjefol Friezen in sankje sjongen. Dat is oerbleaun fan \u00fas grutte striid. Ik skamje my der suver foar. Wy moatte it diskear better oanpakke. It l\u00e2n fan jimme, jim pleats en de frijheid wurde wer bedrige troch alle regels \u00fat Holl\u00e2n.\u201d \u201cDy ferrekte Hollanners\u201d sei lytse Pier.<br \/>\n\u201cKrekt jonge, sa ist. D\u00earom kom ik jim helpen mei de frijheidstriid fan no. It giet fansels net oer libben en dea, mar wol oer de takomst fan it l\u00e2n, de bisten en de minsken. Mar jim heit mei net witte dat ik it doch. Begrypst dat?\u201d<br \/>\n\u201cJawis,\u201d sei lytse Pier. \u201cMar hoe wolle jo dat dan dwaan?\u201d<br \/>\n\u201cNo, ik bin fansels net mear yn libben, want ik bin yn 1520 al dea gien, mar ik kin jimme helpe fan\u00fat de hjirneitiid wei.\u201d<br \/>\n\u201cWaaauw&#8230;.\u201d, de eagen fan Pier waarden grut.<\/p>\n<p>\u201cIk kin jim helpe om de ierde wer safolle better te meitsjen dat regels net mear nedich binne. Mei myn Swarte Hoop en de Wite Ingels dy\u2019t foar my wurkje soargje ik dat de ierde wer s\u00fbn wurdt. Dat de ljippen wer werom komme, dat der gjin gatten mear yn de hoe hjit dat ek al wer&#8230;. komme. Wy repareare de poalkappen en meitsje de loft s\u00fbn.\u201d It mantsje foel de m\u00fble iepen&#8230; \u201cDat is wol in hiele protte\u201d sei er. \u201cDat is sa, mar wy hawwe dan ek in grutte ploech dy\u2019t \u00fas stipet. D\u00ear w\u00ear\u2019t ik no wenje sitte de t\u00fbkste koppen dy\u2019t harren neat fan Hollanners oanl\u00fbke, mar allinne it goede wolle.<br \/>\n\u201cJezus\u201d, sei lytse Pier.<br \/>\n\u201cJa dy ek\u201d, grutte Pier lake.<br \/>\n\u201cEn wat moat ik dwaan?\u201d<br \/>\n\u201cDo bist myn kontakt op Doniastate . Ik haw in haadkertier nedich d\u00ear\u2019t ik kontakt h\u00e2lde kin mei alle oaren oer de hiele wr\u00e2ld, want wy komme fansels net allinne foar Frysl\u00e2n op, mar wy soargje derfoar dat de hiele wr\u00e2ld meidocht.\u201d<br \/>\n\u201cWa binne dat dan, de oaren?\u201d<br \/>\n\u201cOch gewoan, Gandhi, Einstein, Buddha, Jezus fansels en noch wat fan dy nammen\u201d.<br \/>\n\u201cMar jo binne de grutste\u201d sei lytse Pier tefreden en hy die syn tomke yn \u2018e m\u00fble.<br \/>\n\u201cSa is dat jonge,\u201d sei Grutte Pier tefreden.<br \/>\n\u201c Asto no soargest dat ik sa no en dan even dy kompj\u00fbter br\u00fbke mei, dan bin ik al tefreden.\u201d<br \/>\n\u201cO, mar dat is in Ipad.\u201d<br \/>\n\u201cDat hindert neat, ik moat sa\u2019n ding hawwe om kontakt te h\u00e2lden\u201d. Lytse Pier wie alhiel ferstuivere. Hy mocht Grutte Pier helpe tsjin de Hollanners.<br \/>\n\u201cHo ho,\u201d sei grutte Pier, \u201cnet allinne de Hollanners, alle ferrekte Wr\u00e2ldferpesters. Enne&#8230; tink derom, gjin wurd tsjin jim heit en mem, se sille dy net leauwe\u201d.<br \/>\nLytse Pier draaide sabeare de m\u00fble op slot.<\/p>\n<p>\u201cIk sis neat,\u201d sei er.<br \/>\n\u201cMoai sa, jou my no dy pet mei aaien, dan kin ik oan \u2018e gong\u201d. \u201cHahaha, aaipet&#8230;\u201d lake lytse Pier.<br \/>\nGrutte Pier pakte de Ipad oan en doe barde der in w\u00fbnder. Der kamen allegear skermen foarby mei prachtige kleuren en der kamen ek gel\u00fbden \u00fat.<br \/>\nIn kertier letter wie Grutte Pier klear.<br \/>\n\u201cSa,\u201d sei er, \u201cmissy ien is kompleet\u201d.<br \/>\nEn sa barde it dat Grutte Pier regelmjittich op Doniastate kaam om de wr\u00e2ld s\u00fbn te meitsjen mei stipe fan de \u2018aaipet\u2019 fan lytse Pier.<br \/>\nIt duorre fansels in tal jierren, mar doe\u2019t Pier trijentweintich wie, wiene de wr\u00e2ldferpesters ferslein, koene Sake en Richtsje ferh\u00fazje nei in moaie gasfrije, klimaatneutrale wente yn \u2018e buorren en luts Lytse Pier mei syn frou op \u2018e pleats.<br \/>\nIt geheim fan Grutte en Lytse Pier bleau bestean. Oant lytse Pier in soan krige, Sake, dy\u2019t j\u00fbns graach in ferhaaltsje foar it sliepengean woe. Pier fertelde hiele ferhalen oer hoe\u2019t hy Grutte Pier helpe mocht om de ierde wer s\u00fbn te meitsjen en hoe\u2019t de wr\u00e2ld befrijd waard fan de ferrekte wr\u00e2ldferpesters.<br \/>\nDe skriezen en ljippen fleagen yn \u2018e maitid om Doniastate hinne en alle kearen lake Pier &#8211; dy\u2019t doe grut wie mar noch lang gjin Grutte Pier &#8211; nei boppen en sei: \u201cButer, brea en griene tsiis, tige tank Grutte Pier foar \u00fas nije frijheid\u201d.<br \/>\nYouvan Bergsma. augustus 2020<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Mei dit ferhaal w\u00fbn ik yn augustus 2020 de twadde priis fan de ferhalewedstriid oer Grutte Pier. De nije frijheid \u201cDy ferrekte Hollanders\u201d foetere Sake, doe\u2019t er in brief \u00fat Den Haach krige mei wer nije stikstofregels. Hy stie yn syn lisbokst\u00e2l, hielendal boud neffens de l\u00easte foarskriften. It hie him grou jild en in &hellip; <a href=\"https:\/\/youvan.nl\/?page_id=250\" class=\"more-link\">Lees verder <span class=\"screen-reader-text\">Teksten<\/span> <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"parent":0,"menu_order":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","template":"","meta":{"footnotes":""},"jetpack_sharing_enabled":true,"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/youvan.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/pages\/250"}],"collection":[{"href":"https:\/\/youvan.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/pages"}],"about":[{"href":"https:\/\/youvan.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/page"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/youvan.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/youvan.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=250"}],"version-history":[{"count":6,"href":"https:\/\/youvan.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/pages\/250\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":260,"href":"https:\/\/youvan.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/pages\/250\/revisions\/260"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/youvan.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=250"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}